Oefening fan demoteam F16

20 mrt 2013 - 11:16
  • F-16 op de Fleanbasis Ljouwert

De F16 fan it demonstraasjeteam fan de fleanbasis Ljouwert docht nije wike in tal oefeningen. Se fleane boppe de fleanbasis en boppe de Vliehors op Flylân. It giet om fluchten dy't op syn langst 15 minuten duorje en dy't middeis útfierd wurde. De ôfrûne wike hat it demonstraasjeteam yn Amearika oefene, ek wurdt oefene boppe de fleanbasis Volkel. Dat is op dit stuit ek de thúsbasis fan it demonstraasjeteam.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)