Earste keningsline yn Ljouwert

20 mrt 2013 - 10:25

Ljouwert krijt woansdei as earste gemeente yn Nederlân in keningslinebeam oanbean. De beam is spesjaal teeld fanwege de troanwiksel. It oanbieden wurdt dien by de fiering fan de nasjonale beamfeestdei dy't woansdei is. Ljouwert hat al in keningslinebeam fan 114 jier âld. Dy is yn 1898 plante doe't Wilhelmina keninginne waard. It is yn Nederlân tradysje om by elke wikseling fan de troan in linebeam te plantsjen, meastentiids mei in spesjaal ûntwurpen stek der omhinne. Ek in soad oare gemeenten plantsje de kommende tiid in keningslinebeam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)