Ynfo oer oefening Frisian Flag

20 mrt 2013 - 09:59

De fleanbasis Ljouwert hâldt 2 april in ynformaasjebyienkomst foar omwenners oer de oefening Frisian Flag. Dy ynternasjonale oefening is dit jier fan 15 oant en mei 26 april. Der dogge ûnder oare fleantugen út Nederlân, Poalen, Sweden en Frankryk oan mei. Alle dagen fleane sa'n 40 fleantugen fan de fleanbasis yn Ljouwert ôf. It is foar de twadde kear dat der in ynformaasjebyienkomst oer de oefening hâlden wurdt. Dit jier krije wol mear minsken in útnoeging as ferline jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)