Mûneromp yn eare werstelle
Opsterlân giet net yn heger berop tsjin in útspraak fan de rjochter oer it werstelplan fan de moleromp de Ulesprong by De Tynje. Eigener en gemeente wolle de romp werstelle mei in kap en wjukken. De bewenster fan de moleromp makke mei sukses beswier. It restauraasjeplan is noch net fan tafel. De eigener wol it plan trochsette en de gemeente wol dêrby helpe. Der wurdt in nije fergunning útjûn en it jildende bestimmingsplan dat allinnich wenjen tastiet, wurdt mooglik oanpast. De Ulesprong is boud yn 1896 mar ferlear yn 1911 syn funksje as gemaal.