Diskriminaasje faak rasisme

20 mrt 2013 - 08:33

It grutste diel fan de meldingen fan diskriminaasje yn Fryslân hat te krijen mei rasisme. Dat stiet yn de diskriminaasjemonitor, dy't woansdeitejûn presintearre wurdt. Der binne yn Fryslân ferline jier 273 meldingen dien, yn 122 gefallen giet it om diskriminaasje fanwege hûdskleur of ôfkomst. Dêrneist falt it tanimmend tal meldingen fan diskriminaasje fan homoseksuelen op. Ek melde Poalen faker dat se troch har Fryske wurkjouwer ûnder it minimumlean betelle wurde.

De diskriminaasjemeldingen wurde byhâlden troch Tûmba, yn opdracht fan de Fryske gemeenten. De antidiskriminaasje-organisaasje presintearret de monitor alle jierren om 21 maart hinne. Dat is de ynternasjonale dei fan de Feriene Naasjes tsjin diskriminaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)