Heale finale SWS en Hark. Boys

19 mrt 2013 - 23:39
  • Age Hains Boersma

Snits Wyt Swart en Harkemase Boys ha har pleatst foar de heale finale om de noardlike amateurfuotbalbeker. Boppedat meie beide ploegen takom seizoen meidwaan oan it grutte KNVB-bekertoernoai. Topklasser Snits Wyt Swart hie it dreech tsjin sneons twadde klasser Broekster Boys. Nei 90 minuten wie it 1-1, de Snitsers namen op it eigen fjild de penalty's better. Haadklasser Harkemase Boys wûn yn Emmeloard mei 3-1 fan Flevo Boys. ONS rêde it net. De Snitser sneonshaadklasser ferlear yn en fan Genemuiden mei 2-0.

Op 16 april spilet Snits Wyt Swart de heale finale tsjin Harkemase Boys. De oare heale finale giet tusken Be Quick 1887 en Genemuiden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)