Fryske oannimmers bou iishal

19 mrt 2013 - 22:35

By de bou fan de nije iishal yn Ljouwert moat gebrûk makke wurde fan lokale en regionale oannimmers. Dat wol de ChristenUnie Fryslân.

Woansdei nimme provinsjale steaten it beslút om maksimaal 10 miljoen euro te stekken yn de nije iishal. De ChristenUnie tsjinnet dan in moasje yn om Fryske oannimmers foarrang te jaan by de oanbesteging. De partij fynt it wichtich dat der ynvesteard wurdt, mar dat moat wol te'n goede komme oan de Fryske ekonomy.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)