Ultimatum foar Althuisius Grou

CNV-fakminsken stelt in ultimatum oan transportbedriuw Althuisius yn Grou. It fakbûn wol dat it bedriuw oant desimber de 19 minsken dy't troch in reorganisaasje der út moatte noch oan it wurk hâldt yn Grou.
Dêr wie in plan opsteld foar de reorganisaasje, mar neffens it fakbûn is de direksje fan Althuisius ynienen mei in oar plan kaam en dat is net geunstich foar de meiwurkers. Fêste meiwurkers wurde ynset by bedriuwen op oare plakken yn it lân. Yn Grou wurde dan útstjoerkrêften ynsetten.
CNV wol dat de direksje fan Althuisius foar freed 12 oere taseit dat de minsken oant desimber gewoan yn Grou oan it wurk bliuwe kinne.