Gjin lean foar stakers Prins

Stakers fan Prins Dokkum krije foarearst gjin lean útbetelle. Dat hat de direksje witte litten oan de meiwurkers. Neffens de direksje is it dreech om út te rekkenjen hoefolle dagen en oeren der wurke is troch de minsken. Dat nimt tiid yn beslach.
De sfear tusken de stakers en it bedriuw wurdt hieltyd grimmitiger. Neffens fakbûn CNV is direkteur Odijk tiisdeitemoarn sels mei hege snelheid mei syn auto op de meiwurkers ynriden. Frans Strolenberg fan it CNV neamt dit respektleas en in klap yn it gesicht fan de meiwurkers.
Woansdei wurdt opnij staakt by it fangrailfabryk.