Kanaal al gau yn steatsried

19 mrt 2013 - 18:06
  • It Polderhoofdkanaal

De Ried fan Steat sil him mooglik yn july al oer de saak Polderhoofdkanaal bûge. Mei in fersnelde proseduere wurdt der ek earder útspraak dien. Foar Opsterlân kinne dan wichtige subsydzjes feilich steld wurde as de Ried fan Steat mei de weriepening akkoart giet.

De rjochter hat earder in streek set troch it plan om't it algemien en ekonomysk belang net goed ûnderboud is. Opsterlân en it ministearje tinke de steatsried dêrfan wol oertsjûgje te kinnen. As der grien ljocht jûn wurdt kinne de wurksumheden mooglik dit jier noch los.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)