Slepende saak Murkje de Vries

19 mrt 2013 - 17:50

It heger berop yn de saak Murkje de Vries sleept mar troch. Tiisdei wie de 15e sitting yn de beropssaak en noch binne alle ûndersyksresultaten net binnen. De saak spitst him foaral ta op it medisyngebrûk fan de fertochte. Mooglik hat dat in rol spile by it dwaan fan de moard op de frou út Koatstertille yn 2008.

De fertochte waard earder troch de rjochtbank feroardiele ta in selstraf fan 24 jier foar de moard op Murkje de Vries en poging ta moard op in frou en in man út De Harkema. De fertochte is tsjin dizze selstraf yn heger berop gien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)