Jeugd fan 17 slagget faker

Jeugd fan 17 jier hellet it rydbewiis faker yn ien kear as jongeren dy't âlder binne. Dat meldt it CBR, it Centraal Bureau Rijvaardigheidsbewijzen. Dat fernimme ek Fryske rydskoallehâlders. Grutste oarsaak is dat 17-jierrigen faak motivearder binne as de 18-plussers.
Tsjintwurdich meie jongeren al mei 16,5 jier begjinne mei it folgjen fan rydlessen. Se meie dan ôfride as se 17 binne. Oant it 18e jier moat der wol in begelieder mei yn de auto. Ferline jier diene der yn hiel Nederlân ûngefear 30.000 17-jierrigen rydeksamen.