23-jierrige Ljouwerter swier mishannele

21 jan 2016 - 22:23

In 23-jierrige Ljouwerter is tongersdeitejûn op de Nijstêd oant twa kear ta mishannele troch in groep fan trije jonges. It slachtoffer rûn mei in freon oer de Nijstêd doe't de groep fan trije jonges in opmerking makke oer it feit dat beiden deselde jas oan hiene. Doe't de Ljouwerter frege wêrom't de groep opmerkings makke, waard hy yn syn gesicht spuid en slein.

Doe't er foel, krige it slachtoffer in hurde traap tsjin de holle en rekke út de tiid. De dieders naaiden út, mar de twa freonen kamen de groep efkes letter op 'e nij tsjin.

Se besochten te ûntkommen, mar it slachtoffer krige in traap yn de rêch. Om't de freon syn telefoan pakte, naaide it trio út. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht.

Dieders

Neffens de plysje binne de dieders ien blanke en twa donkere jonges. Op harren Facebookside hat de plysje in beskriuwing fan de dieders pleatst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)