10 banen fuort by Fries Museum

Der ferdwine dit jier noch 10 fan de 33 banen by it Fries Museum yn Ljouwert. It museum wol mei dy besunigingsoperaasje foarkomme dat it yn de reade sifers komt. Troch de plande reorganisaasje krijt it Fries Museum mei yngong fan 2014 in sûne eksploitaasje.
It museum giet fierder mei in lytsere stêf en direksje, der bliuwt ien direkteur oer. By de bou fan it nije museum wie al bekend dat de eksploitaasje mei ferlies draaie soe. Mei alle maatregels wurdt 8 ton euro besunige.