Famkes mishannelje opnij

19 mrt 2013 - 10:24
  • Plysje-embleem

De plysje hat moandeitejûn yn Snits in famke fan 18 fan It Hearrenfean en in 19-jierrich famke út Ljouwert opnij oanhâlden op fertinking fan mishanneling van twa froulju op stasjon noard yn Snits. De twa slachtoffers fan 24 en 21 út Snits waarden op it perron sûnder oanlieding oanfallen en mishannele. Ien fan de slachtoffers moast mei ferwûnings oan de holle opnommen wurde yn it sikehús.

De fertochten binne deselde famkes dy't ferline wike oanhâlden waarden foar mishanneling fan twa manlju op it stasjon. Se sitte noch fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)