Klokken liede foar de paus

19 mrt 2013 - 10:09

Oeral yn Fryslân ha tiisdeitemoarn de klokken fan de katolike tsjerken let. Dit wie ta gelegenheid fan de ynauguraasje fan paus Fransiscus. De klokken waarden presys om njoggen oere in kertier lang let.

Fransiscus wurdt tiisdei ynstallearre as de nije paus. Hy folget paus Benedictus op, dy't ferline moanne ophâlde fanwege syn minne sûnens. Fransiscus is de pauslike namme fan de 76-jierrige Argentijn Jorge Mario Bergoglio.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)