Teater op de Ofslútdyk

19 mrt 2013 - 08:37

De Ofslútdyk dizze simmer it dekôr fan in grutte teaterfoarstelling. Yn de bûtenhaven op Breesândyk sil it spektakel 'Leeghwater' opfierd wurde. It is in produksje fan de Fryske teatermakkers fan BUOG, oer de 17e ieuske útfiner en 'droechlizzer' Leeghwater. Haadrolspiler wurdt kabaretier Bert Visscher.

Fierder wurde der noch 250 oant 300 frijwilligers socht, dy't mei har feriening, klup, band of orkest meidwaan wolle oan dizze lokaasjefoarstelling.

Yn Fryslân en Noard-Hollân wurde ynformaasjejûnen holden oer it projekt Leeghwater. Yn Fryslân is dy op 27 maart yn 'De Steenen Man' yn Surch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)