Soad krityk nije Europaplein

18 mrt 2013 - 23:12

Ek de nijste plannen fan de gemeente Ljouwert foar de ferbettering fan it Europaplein kinne de direkte omwenners net oertsjûgje. De gemeente presintearre moandeitejûn in plan mei in turborotonde mei koartere tunnels foar de fytsers, en mear romte foar gers en beammen. Foaral de tunnels kinne op in soad krityk rekkenje. De omwenners hawwe noch altyd grutte twifels by de ferkearstellingen fan de gemeente. Sy sizze dat der mar in hiel bytsje fytsers oer it plein komme.

Wethâlder Thea Koster wiist der op dat de gemeenteried al lang besletten hat dat der trije tunnels komme. Neffens har giet it no allinnich noch oer de ynfolling fan de plannen. Op 28 maart moat de wolstânskommisje Hûs en Hiem noch in advys jaan. Op 29 maaie nimt de gemeenteried in beslút.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)