Cambuur ferliest by Fortuna

18 mrt 2013 - 21:52
  • SC Cambuur

SC Cambuur hat de ynhelwedstriid yn Limboarch tsjin Fortuna Sittard mei 1-0 ferlern. De iennichste goal foel yn de 63e minút doe't in skot fan Cevik kreake waard en de bal foar Ramon Voorn delplofte. Voorn koe doe frij en maklik ynsjitte.

Op in striemin fjild soargen de Ljouwerters foar te min fjoerwurk. Grutte kânsen krige de ploech net, wylst Cambuurkeeper Dennis Telgenkamp in pear kear goed yn aksje komme moast. Cambuur bliuwt sechsde mei 41 punten út 24 wedstriden.

Yn de ekstra tiid wie Yuri Rose noch tichtby de lykmakker. Rose spile syn 400e wedstriid yn it betelle fuotbal. Hy bliuwt op 99 doelpunten stean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)