Oanlis fiadukt Wâldwei

18 mrt 2013 - 20:16

In part fan de Wâldwei by Ljouwert is nije wike in nacht ticht yn ferbân mei de oanlis fan in nij fiadukt. It stik tusken de Werpsterhoeke rjochting Himriksein is moandei fan sân oere jûns oant tiisdei seis oere moarns ticht. It ferkear wurdt troch Ljouwert omlaat.

De bou fan it nije fiadukt is ûnderdiel fan de oanlis fan de Heak om Ljouwert, in nije dyk tusken Marsum en de Wâldwei om Ljouwert hinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)