Wurdum wol pleatsen behâlde

18 mrt 2013 - 18:47

Doarpsbelang Wurdum/Swichum is benaud dat twa âlde pleatsen sloopt wurde moatte troch de oanlis fan de nije heechspanningslieding tusken de Eemshaven en de Rânested. Yn it foarkartrasee leit in pleats oan de Loodyk presys ûnder de stroomkabels wêrtroch't bewenning net oantreklik mear is. Itselde jildt foar in pleats oan de Werpsterdyk.

De nije heechspanningskabel rint fan de Eemshaven oer Burgum nei de Noardeastpolder en einiget yn Diemen. Wannear't de bou úteinset, is noch net krekt bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)