Start Playing for Success

18 mrt 2013 - 16:21

Foar bern dy't dreech meikomme kinne op skoalle is der yn Ljouwert sûnt in healjier in nije wize fan lesjaan: Playing For Success. Foar dat projekt krije de bern 10 wiken lang in pear oeren les yn it Cambuurstadion. It giet om bern fan basis- en middelbere skoallen, mar ek om learlingen yn it ferfolchûnderwiis. Se meie fragen stelle oan Cambuurspilers, telle it tal stuoltsjes yn it stadion en meitsje strips, powerpointpresintaasjes en oare projekten.

Dat moat de bern helpe better mei te kommen yn de lessen, of net sa ûnseker mear te wêzen. De earste resultaten binne posityf. Troch bern yn in sportive omjouwing te setten, krije se mear selsfertrouwen en ha se mear nocht oan it learen.

Der dogge yn totaal fiif skoallemienskippen yn Ljouwert mei: AOC Friesland, Piter Jelles, it Comenius, de Friese Poort en alle kristlike basisskoallen. De iepenbiere basisskoallen wolle ek graach meidwaan oan Playing For Success. It projekt rint noch oant de simmer fan takom jier. De inisjatyfnimmers wolle dan besykje oft Playing For Success standert oanbean wurde kin oan learlingen dy't it dreech hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)