Rekôr tal besikers Skylge

Skylge © Omrop Fryslân
In rekôr oantal fan goed 427.000 minsken ha foarich jier de boat naam nei Skylge. Dat docht bliken út de nijste toeristesifers fan de gemeente Skylge. Dat binne der goed 4000 mear as it lêste rekôr út 2009 en 4,3 prosint mear as yn 2011. By de sifers fan foarich jier moat wol de oantekening makke wurde dat de rederij fan EVT in aksje hie wêrby't it mooglik wie om fergees te reizgjen. Rederij Doeksen wie de grutste ferfierder mei goed 330.000 passazjiers en EVT folget mei 94.000.
It tal oernachtingen yn de sjarterfeart kaam út op rom 4000 en der wiene sa'n 30.000 oernachtingen yn de haven. Yn beide gefallen binne de sifers wat better as yn 2011.