Gjin topsalaris yn Tyts'diel

18 mrt 2013 - 11:48
  • Gemeente Tytsjerksteradiel

Op inisjatyf fan de PvdA yn Tytsjerksteradiel wurdt it subsidiearre ynstellings yn de gemeente ûnmooglik makke topsalarissen te beteljen. Organisaasjes dy't ôfhinklik binne fan gemeentlike subsydzjes meie net mear betelje as it salaris fan de boargemaster. It giet yn Tytsjerksteradiel dan om in bedrach fan 7500 euro de moanne. Is dat wol it gefal dan wurdt it bedrach ynholden op de subsydzje. Yn de ried fan tongersdei sil de algemiene subsydzje feroardering fan de gemeente dêirop oanpast wurde.

It foarstel fan de PvdA kin op in brede stipe rekkenje neffens de partij. Yn juny 2012 krige in moasje oer dit punt sawat de stipe fan de hiele ried.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)