Bewenners achterfolgje dief

Ynbraak © Omrop Fryslân
In bewenner fan in hûs oan de Tylkedaam yn Ljouwert hat sneintejûn de achterfolging ynset om in ynbrekker oan te hâlden. De bewenners kamen thús en seagen dat de foardoar iepenstie. Der kaam in man út de wenning, dy't op de flecht sloech. De bewenner rekke de man yn de omjouwing fan de Anjen kwyt. Der is neat stellen út de wenning. De plysje is op syk nei tsjûgen. It giet om in blanke man fan sa'n 25 jier.