Krityk Jorritsma op Rehwinkel

Rellen Haren © ANP
Kommissaris John Jorritsma hat grutte krityk op it optreden fan de Grinzer boargemaster Peter Rehwinkel by de Facebookrellen yn Haren. Rehwinkel hie as foarsitter fan de Feiligensregio Grinslân it inisjatyf nimme moatten by de oanpak fan de rellen, fynt Jorritsma. Rehwinkel is dus neffens him ûnterjochte bûten skot bleaun by it ûndersyk fan de kommisje Cohen. Dat fynt Jorritsma ûnbegryplik. Rehwinkel is troch syn funksje mei ferantwurdlik foar it falen fan de plysje by de rellen op 21 septimber 2012 yn Haren.
De Fryske Kommissaris die de útspraken oer Rehwinkel ôfrûne freed nei de offisjele iepening fan in appartemintekompleks fan Landal op Skylge.