Prins Carlos net by beamfeest

18 mrt 2013 - 10:23
  • Prins Carlos de Bourbon de Parme

Prins Carlos, de soan fan prinses Irene, komt woansdei net nei Ljouwert foar de fiering fan de nasjonale beamfeestdei. De prins is tiisdei persoanlik útnoege by de ynauguraasje fan paus Franciscus. Dêrtroch kin hy net op 'e tiid werom wêze foar de iepening fan de beamfeestdei. De prins soe de earste saneamde keningsbeam fan Nederlân oerlangje oan boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert. Dat wurdt no dien troch Michiel Zonnevylle, foarsitter fan it Keninklik Bûn fan Oranjeferienings en Onno Hoes, foarsitter fan de Nasjonale Beamfeestdei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)