Led-lantearnen foar C'buorren

18 mrt 2013 - 10:11

Yn Camminghabuorren yn Ljouwert is moandei wer begûn mei it ferfangen fan tl-strjitferljochting troch led-lampen. De led-lampen binne sa'n 150 euro djoerder as de tl-lampen, mar troch leger enerzjyferbrûk en legere kosten oan ûnderhâld wurde dy kosten wer weromfertsjinne, sa seit de gemeente Ljouwert. Om de kosten te beheinen ferfangt de gemeente allinnich lampen as dy oan ferfanging te binne.

Buertbewenners hawwe der muoite mei dat de gemeente tagelyk mei it fernijen fan de strjitferljochting sa'n 150 strjitlantearnen ferwidere hat.

Nei Camminghabuorren binne bedriuweterrein De Hemrik en de wyk Nijlân oan bar. Ljouwert heart by de gemeenten dy't foarop rinne by it tapassen fan led-strjitferljochting. De gemeente docht dit om duorsumer te wurden en it eigen enerzjyferbrûk werom te kringen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)