Lintsje foar Haantjes út Balk

17 mrt 2013 - 16:38

Wopke Haantjes fan Balk is sneontejûn beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Boargemaster Willem Hoornstra fan Gaasterlân-Sleat spjelde Haantjes it lintsje op by in konsert fan Streekharmonie Concordia. Haantjes krige de ûnderskieding omdat er him jierrenlang as bestjoerslid ynset hat foar de muzykferienings De Vlecke op 'e Gordyk en Concordia yn Balk. Fierder wie Haantjes ek noch frijwilliger by ferskate oare ferienings.

Trefwurden: 
Balk lintsje Wopke Haantjes
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)