Mûne Boerum wurdt wer opboud

De mûne yn Boerum wurdt definityf wer opboud. Dat seit Jacqueline Brauwers fan stifting Erfgoed Kollumerland en Nieuwkruisland. Ferline jier op Earste Peaskedei is de monumintale mûne De Windlust hielendal ôfbaarnd, omdat in groep jongeren âld papier ûnder de mûne yn brân stutsen hiene. Koart nei dit insidint kearde de brânfersekering in bedrach fan ien miljoen euro út, mar it wie doe noch net dúdlik oft dit genôch is om de mûne wer op te bouwen. Brauwers seit dat boubedriuw Kolthof út Stiens de wurksumheden binnen it budzjet hâlde kin.
Mooglik moat der noch wol ekstra jild komme foar it fundamint en de ynrjochting fan de mûne.