Opnij sulver foar De Laat

17 mrt 2013 - 14:55

Shorttracker Itzhak de Laat is sneon op de twadde dei fan de Europa Cup finale junioaren yn Baselga twadde wurden op de 500 meter. It is al de twadde sulveren medalje foar de Ljouwerter, dy't freed twadde waard op de 1500 meter. De oerwinning op de 500 meter gong nei lângenoat Mark Prinsen. It brûns wie foar de Rus Aleksandr Koval.

Boppedat pakte De Laat mei Prinsen, Dennis Visser en Dylan Hoogerwerf it sulver op de ôflossing. De oerwinning gong nei it Hongaarske team.

Mei noch ien dei te gean giet de Rus Koval oan de lieding yn it klassemint by de A-junioaren. De Laat stiet op it twadde plak, folge troch Prinsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)