Fiif messen yn beslach nommen

17 mrt 2013 - 14:45

By in aksje fan previntyf fûllearjen hat de plysje sneontenacht yn Ljouwert fiif messen yn beslach nommen. It gie om in aksje yn it ramt fan it hanthavenjen fan de iepenbiere oarder. De boargemaster fan Ljouwert hat dêrfoar de binnenstêd oanwiisd as feilichheidsrisikogebiet. Mei-inoar binne 55 persoanen en njoggen auto's kontrolearre. Dêrby waarden fiif messen oantroffen en yn beslach nommen. De eigners krigen in proses-ferbaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)