Ferfelende man yn Wolsum

17 mrt 2013 - 14:32
  • Geweld

De plysje hat sneontenacht op in feestterrein yn Wolsum in 26-jierrige ynwenner fan Abbegea oanholden. De man wie ferfelend op in feest en waard de feesttinte útset. Doe't er op it feestterrein trochgie mei syn ferfelende gedrach en tsjin in stellaazje oantreau, waard er frege fuort te gean. Doe't er dat wegere waard de plysje warskôge dy't de man oanhold.

Dy man fersette him bot tsjin syn oanhâlding. Op it plysjeburo is proses-ferbaal tsjin him opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)