Fyts tsjin winkelrút smiten

17 mrt 2013 - 14:09

De plysje hat sneontenacht op it Wilhelminaplein yn Ljouwert twa 20-jierrige mannen oanholden foar fernieling, ien út Ingelum en ien út Bitgummole. In tsjûge hie sjoen dat de beide manlju in fyts pakten en tsjin in winkelrút smieten. De tsjûge koe fia it alarmnûmer 1-1-2 in goed sinjalemint trochjaan en de plysje koe de fertochten dan ek gau oanhâlde. Op it plysjeburo is proses-ferbaal tsjin har opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)