Harnzers stelle disel út truck

17 mrt 2013 - 13:36

Op de Rykswei by Hjerbeam hat de plysje sneontejûn twa Harnzers fan 20 en 22 jier oanholden foar it stellen fan brânstof. In tsjûge seach dat de beide manlju disel út de tank fan in truck hellen en yn jerrycans rinne lieten. Hy joech it troch fia it alarmnûmer 1-1-2.

De alarmearre plysje seach de manlju fuortriden en koe se eefkes letter oanhâlde. Beide fertochten binne ynsletten op it plysjeburo.

Trefwurden: 
disel stelle Hjerbeam Harnzers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)