Botsing ûnder ynfloed

© ANP Lex van Lieshout
In 21-jierrige Hearrenfeanster is sneontenacht syn rydbewiis kwytrekke by in oanriding. De man dy't te folle dronken hie, rekke troch noch ûnbekende oarsaak de macht oer it stjoer kwyt en botste mei syn auto tsjin in beam op de Rottemerwei. De auto rekke dêrby swier skansearre. Op it plysjeburo waard fan de man in bloedproef ôfnommen. Neist it kwytreitsjen fan it rydbewiis waard ek noch proses-ferbaal tsjin him opmakke.