Man oppakt foar sjitynsidint

17 mrt 2013 - 12:53

De plysje hat sneintemoarn betiid in 44-jierrige man út Kollumerlân oanholden foar belutsenheid by in sjitynsidint. Dat wie yn it sintrum fan Arnhem. In 47-jierrige Nijmegenaar rekke dêrby ferwûne en is oerbrocht nei it sikehûs. Nei alle gedachten hiene foarôfgeand oan de sjitterij meardere minsken spul mei-elkoar. Dy rûzje soe ûntstien wêze yn in kroech en dêrnei bûten fierder gien wêze. Mei help fan omstanners koe de 44-jierrige man oanholden wurde. Hy sit noch fêst foar neier ûndersyk.

Trefwurden: 
Nijmegen sjitterij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)