Rose tinkt nei oer takomst

17 mrt 2013 - 12:48

Cambuurspiler Yuri Rose tinkt nei oer syn sportive takomst. De hast 34-jierrige middenfjilder hat noch in trochrinnend kontrakt, mar is mei de klup yn petear oer syn takomst. Neffens Rose komt de fraach oft er der nei dit seizoen mei ophâlde wol te betiid.

Wol seit Rose dat hy op dit stuit 'niet honderd procent overtuigd is om door te gaan.' Dat hat neffens Rose neat mei de klup of de spilersgroep te meitsjen. 'Dat heeft met mezelf te maken. Ik stel mezelf de vraag of ik nog fit genoeg ben. En of ik nog zin genoeg heb om door te gaan.'

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)