V.d. Laan net wis by Cambuur

17 mrt 2013 - 12:41

By Cambuur binne der noch twivels oer it ynsetten fan Martijn van der Laan yn de wedstriid moandei tsjin Fortuna Sittard. Van der Laan komt werom fan in skouderblessuere. Hy hat de ôfrûne dagen wol meitraind, mar der moat noch mei de medyske stêf oerlein wurde oft er ek spylje kin. Mohammed El Makrini is der net by. Hy is skorst. Martijn Barto wie freed ek blessearre, mar hy sit wol by de seleksje. Ek Yuri Rose is fit genôch om oan de wedstriid te begjinnen. Adnane Tigadhouini sit net by de seleksje fanwege in ankelblessuere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)