Friezen warber foar NL Doet

16 mrt 2013 - 15:23
  • NL Doet Muntsjesyl
  • NL Doet Muntsjesyl
  • NL Doet Krûdhof

Tûzenen Friezen hawwe freed en sneon de hannen út de mouwen stutsen om frijwilligerswurk te dwaan yn it ramt fan NL Doet. NL Doet is in inisjatyf fan it Oranje Fûns dat sosjale aktiviteiten stipet. Alle jierren dogge wer mear frijwilligers mei oan de aksjes. Yn Fryslân binne der op hûnderten plakken putsjes dien. Aksjes dy't oanmeld binne by it Oranje Fûns kinne in subsydzje krije, dêr't se wurkmateriaal fan keapje kinne. Mar ek it stimulearjen fan minsken om frijwilligerswurk te dwaan is hiel belangryk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)