Iepen dei yn de soarch

Der moat gau dúdlikheid komme oer de besunings yn de soarch. Dat seit Jan van Houten fan deibesteging De Pastorie yn Koatstertille. It kabinet wol dat der flink besunige wurdt yn de soarch, omdat de kosten dêr hieltyd heger wurde. It probleem is allinnich dat dit in soad ûndúdlikheid jout foar minsken dy't gebrûk meitsje fan it Persoansbûne Budzjet. Dêrop besunigje fynt Van Houten net in goed plan. Van Houten docht syn útspraak sneon op de iepen dei yn de Soarch. Yn hiel Nederlân dogge mear as 1600 ynstellings mei oan dizze dei.