Keatsmuseum yn jildproblemen

16 mrt 2013 - 11:13
  • keatsmuseum

It keatsmuseum yn Frjentsjer driget slim yn de problemen te kommen, troch in fikse hierferheging fan de nije eigener. It museum sit sûnt 1995 yn de Camminghastins oan de Breedeplaats, dat is it gebou fan de Friesland Bank. Dêr waard mar in hiel bytsje hier betelle. Troch de fúzje mei de Rabobank is it gebou yn hannen kommen fan projektûntwikkeler Kramer. Dy wol alle jierren 15.000 euro hier hawwe. Foar it musuem is dat de hiele begrutting yn it jier. Foarsitter Hiemstra hopet der noch út te kommen mei de nije eigener.

It bestjoer hat lykwols ek al praat mei de gemeente oer in mooglike oare oplossing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)