Ynbraken yn Ljouwert en Wurdum

ynbraak Camminghabuorren © Omrop Fryslân, Alle Faber
By fjouwer huzen yn Ljouwert is freedtejûn ynbrutsen. It giet om huzen oan de Carlierstrjitte, Feddemastate, Canterstate en Ried. Yn alle gefallen waard in raam iepen brutsen om der yn te kommen. De huzen waarden oer de kop helle en der waarden benammen sieraden meinaam.
Bewenners fan in hûs oan de Swichumerdyk yn Wurdum hawwe freedtejûn in ynbrekker trappearre. Doe't se thúskamen naaide in ûnbekende man út. Hy hat ûnder oare messen en in kollektebus meinaam.