Himpkwekerijen oprôle

16 mrt 2013 - 10:46
  • Himp

De plysje hat yn in hûs oan de Túnboustrjitte yn Berltsum in lytse himpkwekerij fûn. Der stiene 147 planten, dy binne mei de byhearrende apparatuer ferneatige. Yn it hûs waarden ek ferskate drugs fûn. It giet ûnder oare om heroïne, speed en GHB. Der is noch nimmen oanhâlden, wol is mei de 31-jierrige bewenner ôfpraat dat dy him meikoarten meldt op it plysjeburo.

Yn Ljouwert hat de plysje freed ek in lytse himpkwekerij oprôle. Dat wie in Robinsonstrjitte. Yn in hûs stiene 160 planten, dy binne mei de byhearrende apparatuer ferneatige.

De 55-jierige bewenster fan it hûs en har 20-jierrige soan binne oanhâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)