Slim ûngelok yn De Haule

16 mrt 2013 - 07:25

By in ûngelok op de Zwettewei yn De Haule binne freedtejûn twa manlju fan 25 en 20 jier út dat plak ferwûne rekke. De auto dêr't se yn sieten rekke troch ûnbekende oarsaak fan 'e dyk, fleach tsjin in beam en kaam dêrnei yn in droege sleat ta stilstân. De bestjoerder waard troch de klap út de auto slingere. Beide ynsittenden binne oerbrocht nei it sikehûs, hoe slim se der oan ta binne is net bekend. Foar de helpferliening waarden ûnder oare brânwachtkorpsen út Haulerwyk en Drachten oproppen. De auto rekke folslein fernield.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)