Cambuur wint fan Helmond Sport

15 mrt 2013 - 23:02

Cambuur hat freed in belangrike 2-0 oerwinning op de nûmer trije fan de Jupiler League Helmond Sport helle. It wie in fertsjinne oerwinning, want Cambuur wie it grutste part fan de wedstriid de bettere ploech. Yn de 35e minút kopte Michiel Hemmen in korner fan Oebele Schokker achter de keeper fan Helmond Sport. De twadde helte bleau it lang spannend. Pas yn de 91e minút makke Melvin de Leeuw oan dy spanning in ein, troch de 2-0 deryn te sjitten. Cambuur bliuwt sechde mei 41 punten út 23 wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)