25e Vikingrace Hearrenfean

15 mrt 2013 - 17:07
  • De kampioenen fan de takomst?
  • De Vikingrace is tige ynternasjonaal....

De Vikingrace yn Thialf wurdt dit wykein foar de 25e kear holden. De reedrydwedstryd foar jongerein wurdt sjoen as de offisjeuze Europeeske kampioenskippen.

Riders as Sven Kramer, Havard Bokko, Ireen Wüst en Wieteke Cramer diene oan it toernoai mei. Sy binne te sjen yn in spesjale eksposysje. Mei foto's fan doe't se oan 'e Vikingrace meidiene en foto's fan no. En dat is ferrassend. Sa hawwe hurdfytser Lieuwe Westra en topmodel Doutzen Kroes ek meidien oan de Vikingrace. De útstalling is sneon noch te sjen yn Thialf, tagong fergees.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)