Frede Veenstra en Derksen

15 mrt 2013 - 16:32

Haadredakteur Johan Derksen fan Voetbal International en foarsitter Robert Veenstra fan Sportklup Hearrenfean hawwe freedtemiddei by in petear yn Gouda in punt set achter harren konflikt. Veenstra spande earder in koart pleit oan tsjin Derksen en VI, mar sil dat foarearst net trochsette. Neffens Veenstra gie it benammen om 'nuânses' yn eardere publikaasjes, dêr't hy him bot oan steurde.

VI sil neat rektifisearje, mar nije wike mei in nij grut ferhaal komme oer Robert Veenstra en SC Hearrenfean.

Veenstra waard hjirfoar freedtemiddei ynterviewd troch twa sjoernalisten fan VI yn bywêzen fan haadredakteur Derksen. Veenstra sil de nije publikaasje ôfwachtsje foardat er definityf beslút om wol of net in koart pleit tsjin it wykblêd troch te setten. By it petear yn Gouda wie ek de finansjele man fan SC Hearrenfean, Danny Steenstra, oanwêzich. Neffens VI soe Veenstra net goed mei de sifers en de jierrekkens fan SC Hearrenfean omgien wêze. Veenstra wie hjir min oer te sprekken en woe dizze bewearings wjerlizze mei de bewiisstikken derby.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)