Eddie Izzard wol wer nei Oerol

15 mrt 2013 - 16:12

De Britske komyk Eddie Izzard komt werom nei Oerol. Dy tasizzing docht hy freedtejûn yn it tv-programma College Tour. De stand-up comedian is bekend om't hy as travestyt op it poadium stiet.

Yn it begjin fan syn karriêre stie hy op Oerol op Skylge. Yn in filmke freget Oerol-direkteur Joop Mulder of't hy no, 20 jier letter wer ris delkomme wol. Dat seit hy ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)