El Ghanassy wer yn de basis

15 mrt 2013 - 15:12

Trainer Marco van Basten sil gjin wizigings oanbringe foar de wedstriid tsjin NEC. Dat betsjut dat Yassine El Ghanassy wer ten koste fan Rajiv van La Parra yn de basis begjint. Neffens Van Basten hat hy nei de wedstriid tsjin PSV net safolle reden om te wikseljen. De kâns is wol lyts dat El Ghanassy in folsleine wedstriid spylje kin.

Kenny Otigba trainde wol wer mei, mar is noch net fit genôch. Oussama Tannane en Daniel de Ridder binne noch altyd blessearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)